Tariede op FK earmwrakseljen
De earmwrakselers fan Solid Sport út Ljouwert meitsje harren klear foar it Iepen Frysk Kampioenskip. Dat wurdt nije wike freed hâlden yn Aldemardum. Nederlânsk kampioen Cor Danenberg kaam sneontemoarn spesjaal del om de wrakselers útlis te jaan.
Ynskriuwe foar it kampioenskip kin nije wike freed tusken 4 en 5 oere yn Aldemardum.