Koper stellen fan spoar

Argyffoto Omrop Fryslân
Minsken dy't mei de trein nei it skûtsjesilen yn Starum gean, moatte rekken hâlde mei fertraging. Fan it spoar Ljouwert-Starum is koper stellen. Dat komt min út, om't krekt sneon mei it skûtsjesilen yn Starum in soad minsken ferwachte wurde. Arriva riidt no mei langere treinen en set om 2 en 4 oere ekstra treinen yn.
De ferwachting is dat de steuring yn de rin fan de middei oplost is. De fertraging kin wol in kertier duorje.