Fytsplysjes mei kamera's

06 aug 2011 - 07:36

De bikers fan de plysje yn Snits dogge mei oan in proef mei in kamera op 'e helm. It is foar it earst dat dat yn Fryslân bart. Freedtejûn by it begjin fan de Snitswike wie in geskikt momint om mei de proef út ein te setten.

De ferwachting is dat minsken harren better gedrage as se sjogge dat se opnaam wurde mei in helmkamera. Fierders moat de kamera it feilichheidsgefoel fan de plysjes sels ferbetterje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)