Ferset tsjin oanhâlding

05 aug 2011 - 20:36

In 23-jierrige man út Twizel hat him freedtemoarn ferset tsjin syn oanhâlding. De plysje sette de man op 'e Moarrewâldsterwei yn Dokkum oan 'e kant. Hy siet mei drank op achter it stjoer fan syn brommobyl.

Yn de auto stie in kret bier en ien fan de fleskes wie iepen. De man aksele tsjin en begûn te skoppen. De plysje hat him doe út 'e auto weihelle en yn 'e boeien slein. Op it plysjeburo die bliken dat de man gjin rydbewiis hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)