Auto te wetter yn Snits

Op de eastlike rûnwei N354 yn Snits is freedtejûn in 61-jierrige automobilist út Skearnegoutum ferwûne rekke doe't er mei de auto yn it wetter ried. De man skeat dwers oer de dyk en it fytspaad, en kaam mei in hurde klap yn it wetter telâne. Omstanners hawwe him boppe wetter hâlden.
De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Yn de auto is in flesse drank fûn. De man wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. Dêrom is syn rydbewiis yn beslach naam.