Seehûnekresj siket swimbaden

De seehûnekresj yn Pieterburen siket swimbaden. It giet om hurde keunststof swimbaden foar gûlers. It sintrum fangt dizze simmer in rekôrtal fan 218 jonge seehûnen op. Alle gûlers moatte in plakje hawwe.
Twa jier ferlyn die de seehûnekresj alris in oprop foar badkûpen. Dat smiet goed hûndert badsjes foar de bisten op, mar dy sitte allegearre al fol.