Undernimmers op ynternet

De webside Drachten Wil je Meemaken.nl krijt ein dizze moanne in saaklike fariant. Op dwjmzakelijk.nl kinne ûndernimmers yn Drachten en omkriten harsels presentearje en kontakten lizze. Dêrneist it mooglik om advertinsjes te pleatsen.
De gemeente Smellinglân is yn 2009 mei de kampanje 'Drachten dat wil je meemaken' begûn. Doel is it plak te promoatsjen en ynwenners te belûken by grutte projekten lykas it sintrumplan.