Kredytbank faker bedrige

05 aug 2011 - 16:09

De Kredytbank Nederlân hat hieltyd faker te krijen mei agressive klanten. Nei de falske-bommelding fan tongersdei yn Ljouwert tinke se deroer om maatregels te nimmen. Sa soene telefoantsjes opnaam wurde kinne of de sprekkeamers en de publyksbaly iepener makke wurde kinne. Dan is it personiel wol kwetsberder, mar it soe minder agresje oproppe.

De Kredytbank yn Ljouwert krige tongersdei in bommelding. De telefoniste miende de stim te herkennen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)