Pandatwilling hat nammen krige

De pandatwilling yn Aquazoo
It mantsje fan de pandatwilling dy't in moanne lyn berne is yn Aquazoo hat no ek in namme krigen: Perry. Syn suske krige earder dizze wike al in namme en hjit Phoebe.
De twa bliuwe nei alle gedachten in jier by heit en mem yn Aquazoo. Dêrnei wurde se nei oare bistetunen brocht, want de reade panda komt net in hiel soad foar yn bistetunen. De panda is in bedrige diersoarte dy't út it Himalayageberchte komt. It publyk kin de twilling oer trije moanne besjen.