Boargersaken Harns jûns ticht

05 aug 2011 - 15:37

De proef fan de gemeente Harns om de ôfdieling boargersaken jûns ek iepen te stellen is foarearst dien. Harnzers koene oant healwei achten jûns by de baly telâne foar allerhanne saken. Dêr is in soad gebrûk fan makke.

Besikers koene harren miening jaan oer de proef. De útkomsten wurde besprutsen troch it gemeentebestjoer. Dêrnei wurdt besjoen wannear't de baly it bêste iepen wêze kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)