'Jild tsjerken nei Afrika'

05 aug 2011 - 15:15

Tsjerkediakonyen moatte fiif oant tsien persint fan harren kapitaal oan Afrika jaan. Dy oprop docht dûmny Lydia Veerman fan Wommels. Yn Kenia, Somalië en Ethiopië wurde troch de droechte miljoenen minsken mei de hongersdea bedrige.

Neffens Veerman binne der diakonyen yn Nederlân dy't tonnen oan kapitaal hawwe. Sy kin der net mei libje dat se dat jild yn 'e bûse hâlde. Der is mear nedich as allinnich de kollektes yn tsjerke, seit Veerman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)