Havenedysje strânfiifdaachse

It strân fan Skiermûntseach (foto: Omrop Fryslân)
Der is dit jier foar it earst in havenedysje fan 'e eilânfiifdaachse. De havens op 'e eilannen binne startplak. Dêrútwei kinne de kuierders in rûntsje fan tritich kilometer oer it eilân rinne. De tocht is in oanfolling op de strânfiifdaachse. Dy wurdt foar de twadde kear hâlden op de eilannen.
Inisjatyfnimmer fan beide tochten is Eric Lansu. Hy is fan de stichting Wandelsport Friesland.