Fakânsjedagen as erfenis

Neibesteanden fan in ferstoarne Fries moatte syn fakânsjedagen útbetelle krije. Dat hat de kantonrjochter op It Hearrenfean bepaald. Syn frou hie de fakânsjedagen by de wurkjouwer yn jild opeaske, mar krige dy net. Fakbûn FNV Bouw stapte dêrop nei de rjochter.
De man ferstoar yn maart ferline jier. Hy hie noch sân wiken oan frije dagen. De wurkjouwer woe dy net útbetelje oan syn frou. De rjochter seit lykwols dat de frou dêr wol rjocht op hat. Se krijt hast no 3500 euro oan jild.