Elma de Vries pakt sulver

05 aug 2011 - 09:22

Elma de Vries fan De Haule hat tongersdei in sulveren medalje helle op it Europeesk kampioenskip inline skaten. De Vries waard twadde op it ûnderdiel 10 kilometer puntekoers op 'e dyk. It goud wie foar Nathalie Barbotin út Frankryk.

Manon Kamminga fan Haulerwyk foel mei in fjirde plak krekt bûten de prizen. It brûns gong wol nei in Nederlânske. Mariska Huisman pakte it tredde plak. Foar de Nederlânske ploech wie dat in moai resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)