GKB tinkt oer opname nei 'bom'

04 aug 2011 - 20:04
De bank wie tongersdei oerenlang ûntromme

De Kredytbank yn Ljouwert oerwaget telefoantsjes tenei op te nimmen, nei de (falske) bommelding fan tongersdei. Fan twaen oant seizen moasten alle 30 meiwurkers de bank út, omdat der twa kear in telefoanyske bommelding kaam. Ek gebouwen yn de buert waarden oerenlang ûntromme.

Tafallich krijt de bank oer 14 dagen in nij systeem, dat de mooglikheid hat om telefoantsjes op te nimmen. No is dy mooglikheid der net. Opname moat wol altyd melden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)