Flinke groei foar AB Fryslân

04 aug 2011 - 19:37

Agrarysk útstjoerbedriuw AB Fryslân hat yn it earste healjier fan dit jier in opmerklike groei trochmakke. Al mei al groeide de omset mei 12,5 persint. Dat is folle heger as yn de rest fan de útstjoerwrâld. Dêr leit de groei trochinoar op acht persint.

Neffens AB komt dat trochdat de agraryske sektor folle minder ôfhinklik is fan de ekonomy as guon oare sektoaren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)