Brûns foar Michel Mulder

© Omrop Fryslân
Michel Mulder fan It Hearrenfean hat tongersdei in brûnzen medalje wûn op de 200 meter by it Europeesk kampioenskip Inline skaten yn Zwolle. It is de twadde medalje foar de 25-jierrige Feanster. Earder pakte hy mei de Nederlânske ploech al sulver op de ôflossingskoers.
De race oer 200 meter stie eins op de planning foar woansdeitejûn. Mar doe gie de wedstryd net troch fanwege it minne waar.