Bommelding by kredytbank

04 aug 2011 - 14:39
Foto: Ronnie Porte, Omrop Fryslân

It gebou fan de Kredietbank Nederland oan de Gardenierswei yn Ljouwert is tongersdeitemiddei ûntromme fanwege in bommelding. Neffens de plysje hat ien om flak nei twaen mei de bank belle mei de meidieling dat der yn it gebou in bom leit.

Plysje, brânwacht en ambulânsesoarch binne dêrop massaal útrukt en hawwe it ûnderkommen fan de bank ûntromme, dat jildt ek foar de boppelizzende apparteminten. De Oostergowei en it Suderplein binne diels ôfset.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)