Paraffine waadkust oprêden

04 aug 2011 - 13:52

Alle paraffine dy't ferline wike oanspield is op de waadkust, is oprêden. Op de kwelders tusken Holwert en Nijebiltsyl moast meielkoar fjouwer kúb paraffine fuorthelle wurde. Dat moast mei de hân barre om de natuer sa min mooglik te fersteuren. It is noch net dúdlik wêr't it guod weikomt.

Ut in earste analyze fan de paraffine docht bliken dat it nei alle gedachten loasd is troch in oalje- of gemykaliëntanker. Rykswettersteat wol besykje de skea te ferheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)