Jild Koudum foar doarpsfisy

Pleatslik Belang Koudum krijt 2600 euro subsydzje fan de provinsje om de doarpsfisy foar de kommende 15 jier fierder te ûntwikkeljen. Ynwenners fan Koudum ha de ôfrûne tiid al meitocht oer wat se yn de takomst wolle mei it doarp. Dat barde op ferskate byienkomsten dy't organisearre wiene troch Pleatslik Belang.
De kommende tiid wurdt de fisy op papier set. De gemeente Súdwest-Fryslân betellet mei oan de fierdere ûntwikkeling fan de doarpsfisy.