Hierhuzen yn Easterwâlde

De earste bewenners krije de kaai
Yn Easterwâlde wurde de kommende dagen 22 nije hierhuzen oplevere. De huzen binne yn opdracht fan wenningkorporaasje Actium boud op it terrein fan it eardere molkfabryk. Porjektûntwikkelder BAM hie der earst keaphuzen bouwe sillen.
Omdat dêr fanwege de ekonomyske krisis gjin fraach nei wie, socht BAM kontakt mei Actium en waard it plan foar de hierhuzen makke. De gemeente Eaststellingwerf joech subsydzje út it potsje fan de krisis- en herstelwet.