Jonkje ferwûne op Skier
In jonkje fan fjouwer út Dútslân is woansdeitemiddei ferwûne rekke op in skoalplein op Skiermûntseach. Hy foel út in boarterstastel en kaam mei de holle op 'e grûn terjochte, nei alle gedachten omdat it boarterstastel troch de rein glêd wurden wie.
It jonkje is mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht en dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins.