PC rêstich ferrûn

04 aug 2011 - 10:48

De plysje is tefreden oer it ferrin fan de PC yn Frjentsjer. De hiele dei waard tafersjoch hâlden op en om it Sjûkelân en ek op oare plakken yn de stêd. Dêrby waarden oerdei gjin oertredings konstatearre, jûns en nachts waarden wol bekeurings útdield.

Dy giene ûnder oare nei minsken dy't wyldpissen, gjin ID-kaart by har hiene of drugs brûkten. Ek waard fan in autobestjoerder en in bestjoerder fan in brommer it rydbewiis ynnaam, omdat se tefolle dronken hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)