Ljouwerter âld-izerdief oppakt

04 aug 2011 - 10:39

In man fan 31 út Ljouwert is woansdei oanhâlden fanwege stellerij fan âld izer. Surveillearjende plysjes seagen de man op de Oude Lune rinnen mei in winkelkarre fol âld izer. Doe't se fregen hoe't er dêroan kaam, sei er dat er it fûn hie yn de omjouwing.

Ut ûndersyk fan de plysje die lykwols bliken dat de man it izer stellen hie fan in ôfsletten terrein. Hy hie ek allegear ark by him dat er brûkt hie om yn te brekken. De man is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)