Shuttlebus mei Snitswike

03 aug 2011 - 19:48

Snits docht yn de Snitswike de earste proef mei in elektryske shuttlebus. Dy rydt op sneon, moandei, tiisdei en woansdei fergees fan it Flexaterrein nei it sintrum. De ûndernimmers binne al langer dwaande mei in plan om trije shuttlebussen ride te litten. Se soene earst dit jier al ride, mar de levering is noch lestich.

De Snitser sakelju sjogge de nije bussen as service oan de klant. Parkeare yn de stêd wurdt hieltyd mear in probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)