Fragen oer webside provinsje

03 aug 2011 - 19:09

De steatefraksje fan D66 makket him soargen oer de tagonklikens fan de webside fan de Provinsje Fryslân. Sy hawwe dêr fragen oer steld oan it kolleezje fan deputearre steaten.

Fan 31 desimber 2010 ôf moatte websiden beskikber wêze foar elkenien, ek foar minsken mei in beheining lykas dôvens of minne eagen. Neffens D66 is it noch ûndúdlik oft de side fan de provinsje dêr wol oan foldocht. Se freegje harren ôf oft deputearre steaten dêr wol nei sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)