Skûtsje Drachten wint Terherne

03 aug 2011 - 18:09

It skûtsje fan Drachten hat woansdei de silerij by Terherne wûn. As twadde einige Snits en as tredde Langwar. Snits giet oan de lieding yn it algemien klassemint. Yn de trije wedstriden oant no ta einige de Sneker Pan alle kearen op it twadde plak.

Fanwege de wyn waard de start twa kear útsteld. Dêrnei folge noch in falske start en moast it nochris opnij. Mar doe koene de skûtsjes dochs echt los. Tongersdei wurdt syld by Langwar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)