Olijnsma en dy ek yn finale

03 aug 2011 - 17:44

De favorite partoeren fan Gert-Anne van der Bos en Martijn Olijnsma stean yn de finale fan de 158e PC. Olijnsma wûn yn de heale finale mei 5-4 en 6-4 fan it ferrassende earsteklaspartoer Michiel Scheepvaart Jacob Zaagemans en Jan Sjoerd Tolsma.

Scheepvaart en dy kamen yn de partij goed werom fan 4-2 achter nei 4-4 lyk. Mar fan dat momint ôf kontrolearren de manlju fan Olijnsma de partij. Olijnsma stiet foar it earst yn de PC- finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)