Concours Hippique Bûtenpost

03 aug 2011 - 17:15

Amazoane Paula de Jong út Bûtenpost hat woansdei de Grutte Priis fan Bûtenpost wûn. Dat wie op it jierlikse Concours Hippique. Tagelyk is it dan ek jiermerk en dat lûkt tsientûzen minsken. Moarns wie it al gesellich drok.

It Concours Hippique is it hichtepunt fan de feestwike fan Bûtenpost. Dy wedstriid wurdt dit jier foar de 58e kear yn it doarp hâlden. Der wurde dit jier ek mar leafst fjouwer Nederlânske kampioenskippen ferriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)