Scheepvaart wint ferrassend

03 aug 2011 - 16:31

It earsteklaspartoer fan Michiel Scheepvaart, Jacob Zaagmans en Jan Sjoerd Tolsma is ferrassend troch nei de heale finale op de PC. Se wûnen mei 5-4 en 6-6 fan Rutmer van der Meer, Karel Nijman (ferfongen troch Pier Piersma fanwege in ribblessuere) en Hendrik Koostra.

Foar twafâldich PC-winner Rutmer van der Meer wie it syn ôfskie fan de keatsfjilden. Hy hâldt der nei dizze PC mei op. Mei triennen yn de eagen naam er ôfskie fan it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)