Proefsitte op teaterstuollen

03 aug 2011 - 16:15

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân meie sels kieze hokker stuollen se yn it nije teater fan Snits hawwe wolle. Mei in saneamd stuollereferindum wol Teater Snits útfine hokker stoel favoryt is ûnder de minsken.

Op de Marktstrjitte by it stêdhûs stean tongersdei trije teaterstuollen opsteld dêr't it publyk út kieze kin. Minsken meie op 'e stuollen sitten gean. De útkomst fan it referindum telt yn de úteinlike kar swier mei, neffens in wurdfierder fan it teater.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)