Nije skiphuzen yn Harns

Stedhûs Harns, B en W posityf oer skiphuzen
Projektûntwikkelder Sizeplan yn Harns hat plannen foar de bou fan goed santich skiphuzen oan de Kanaalwei by de stêd. It hiele kompleks wurdt in heale kilometer lang en jout romte oan skippen mei in lingte fan 20 meter.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Harns is posityf oer de nije skiphuzen. Yn septimber moat de ried der oer gear.