Kotter lei 'yn ferkearde park'

De eigners fan in kotter hawwe woansdeitemidddei de plysje yn Ljouwert aardich dwaande hâlden. De manlju hiene it skip yn in park oanlein en wiene de stêd yngien. Doe't se letter weromkamen yn de Prinsetún lei de boat der net mear.
De plysje hat in boargernet aksje op tou set om de boat te finen. Letter die bliken dat de eigners harren yn it park fersind hiene. De boat lei net yn de Prinsetún, mar yn in oar park flakby.