Noch gjin útspraak foksejacht

Argyffoto Omrop Fryslân
De Rie fan Steat docht foarearst gjin útspraak oer it ôfsjitten fan foksen mei ljochtbakken. De provinsje brocht de saak foar de Steatsrie.
Foksen meie net ôfsketten wurde, mar de provinsje hat dêr ein 2009 in ûntheffing foar jûn. De foksen soene greidefûgels bedriigje. De Faunabeskerming brocht de saak foar de rjochter en dy joech harren gelyk. De provinsje stapte dêrop nei de Rie fan Steat. Dy wol earst mear dúdlikens foar de saak te behanneljen.