Van der Leest út partoer set

03 aug 2011 - 13:13

Marten van der Leest is troch syn maten Herman Sprik en Folkert van der Wei út it partoer set op de PC. Hy wurdt yn de twadde omloop ferfongen troch de al útskeakele Jan Dirk de Groot.

Van der Leest hat in blessuere oan de earmtakke. Dêrtroch kin er net goed opslaan. Hy wie tige oandien troch de stap fan syn maten. Van der Leest woe graach trochkeatse. Hy hie tabletsjes tsjin de pine naam dy't neffens him goed wurken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)