Van der Meer fierder op PC

03 aug 2011 - 12:31

Rutmer van der Meer is mei syn maten Karel Nijman en Hendrik Kootstra troch nei de twadde omloop fan de PC. Van der Meer en dy wienen mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Jan Brandt Wiersma, Pieter-Jan Plat en Jouke Bosje.

It is foar Van der Meer syn lêste PC. Hy kaam trettjin kear yn aksje yn Frjentsjer en wûn de wichtichste keatspartij twa kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)