Favoriten Van der Bos troch

03 aug 2011 - 12:12

De grutte favoriten foar de oerwinning op de 158e PC Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger binne troch nei de twadde omloop.

Yn de partij tsjin it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma, ien fan de oare favoriten, waard it 5-3 en 6-2. It partoer fan De Groot wist oant 3-3 goed by te bliuwen. Mar dêrnei wie it wol dien en kaam it partoer fan Van der Bos hieltyd better yn it spul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)