PC-kaarten oer

It liket derop dat der minder belangstelling is foar de PC. By it fjild waarden woansdeitemoarn noch flink wat kaarten te keap oanbean. Earder wie dat op ynternet ek al sa.
Nei alle gedachten hawwe minsken kaarten oer, omdat se mei meardere bestelbonnen kaarten oanfrege hawwe en dy ek krige hawwe. Gewoanwei is der by de start dan noch safolle belangstelling foar kaarten dat dy dochs noch útferkocht reitsje. Dat liket dit jier net it gefal te wêzen.