Ljouwerter oppakt foar stalken

03 aug 2011 - 10:34

De plysje hat in Ljouwerter (27) oppakt fanwege it lêstichfallen fan syn eardere freondinne. De man waard tiisdeitenacht yn de Ljouwerter Wielenpolle trapearre troch buertbewenners dy't tochten dat er oan it ynbrekken wie.

Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat it net om ynbrekkerij, mar om stalken gie. De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy is okkerdeis ek al oppakt foar itselde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)