A32 wer iepen nei ûngelok

03 aug 2011 - 06:18

De A32 fan Wolvegea nei It Hearrenfean is tiisdeitenacht om tolve oere hinne wer iepengien. In omfallen frachtwein blokkearre de sneldyk by Teridzert. Mooglik is de sjauffeur net goed wurden, wêrnei't de frachtwein op de kant yn de berm telâne kaam.

De sjauffeur is troch de brânwacht út de wein weihelle en nei it sikehûs ta brocht. Guod út de frachtwein kaam op de dyk telâne. De frachtauto is mei spesjale kessens wer oereinset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)