60 km by yngong Easterwierrum

In part fan de Doarpsstrjitte en de Tsjerkebuorren oan de eastkant fan Easterwierrum wurdt ynrjochte as 60 kilometersône. Dat hawwe B en W fan Littenseradiel besletten.
Troch de bewenners en doarpsbelang wie om maatregels frege, omdat der oan dy kant fan it doarp faak hurd riden wurdt. Yn it doarp jildt al in 30 kilometersône. B en W lûke mei-elkoar 6000 euro út foar de oanpassing fan de dyk.