Fallisemint fan sauna oanfrege

De provinsje freget it fallisemint fan Sauna Westenberg yn Ljouwert oan. De sauna hat no al in skuld fan 29.000 euro oan de provinsje. Dat bedrach wurdt hieltyd heger, omdat eigner Fred ter Elst wegeret it jild te beteljen.
De provinsje wol net yn de media reagearje, mar in amtner meldt wol dat moanlikse mjittings sjen litte dat de wetterkwaliteit net op oarder is. Dêrmei stiet neffens de provinsje de sûnens fan de klanten op it spul.