Webside LC lêst fan oanfal

02 aug 2011 - 16:17

De webside fan de Ljouwerter Krante hat tiisdsei lêst fan in wrâldwide oanfal op in ûnderdiel fan de site dat advertinsjes regelet. It giet om de saneamde open source software OpenX, dy't ek troch tal fan oare sites brûkt wurdt. It effekt is dat de site fan de LC efkes te sjen is, mar dan ferdwynt.

It kin ek wêze dat de firusscanner op de kompjûter in melding jout dat de site net feilich is. Yn sân hasten wurdt besocht om it advertinsjesysteem te omsilen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)