De Jouwer wint op Earnewâld

02 aug 2011 - 16:04

It Jouster skûtsje is tiisdei as earste oer de streek kommen op it wetter by Earnewâld. Snits waard twadde, Boalsert tredde en Earnewâld waard op it thúswetter kreas fjirde. De Lemmer krige in protest en ferliet de wedstriid. Sneon moast it Lemster skûtsje al mei averij nei de kant.

Fanwege in ûngeunstige wyn waard net begûn mei de wenstige wâlstart, mar waarden de skûtsjes earst yn in lange rige nei de Sânemar sleept. Nei it startskot moasten se dêr de boat optuge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)