Petgat droechlein foar planten

02 aug 2011 - 15:37

Troch it droechlizzen fan ien fan de petgatten yn natuergebiet De Deelen wurdt besocht om dêr seldsume planten en bisten te krijen. It giet om in bysûnder ekologysk eksperimint.

Op mar in pear plakken yn it Noarden hat Steatsboskbehear in petgat beskikber steld oan in stichting dy't dêr mei eksperimintearje woe. Nei't it petgat leechpompt is, rint it nei in pear moannen wer fol. In petgat is in gat dat oerbleaun is neidat der fean weihelle is om turf te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)