Sven Kramer leit op skema

02 aug 2011 - 14:37

Sven Kramer kin wer mei gemak de trainings oan fan coach Geard Kemkers. Dat meldt de TVM ploech op de webside. De kopman van TVM is op dit stuit mei de hiele ploech op trainingskamp yn it Zwitserske Sankt Moritz.

'We hawwe de lêste moannen gjin tsjinslaggen mear hân', seit Kemkers. Kramer is klear foar de yntinsivere trainings op lân en iis. 'Op it iis hat er neat oan gefoel en technyk ynlevere', seit Kemkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)