Man brûkt mes by rûzje

02 aug 2011 - 11:03

De plysje hat moandeitejûn yn Ljouwert in 36-jierrige man út de stêd oanhâlden fanwege mishanneling. De man hie spul krigen mei in oar. Dat rûn sa heech opdat se beide in mes pakten. De fertochte rekke dêrby syn slachtoffer, in 43-jierrige man, ek út Ljouwert.

De fertochte is meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)