Fertochten mishanneling oppakt

02 aug 2011 - 10:44

De plysje hat tsien fertochten oanhâlden dy't op in sneontenacht yn juny yn in kampearbuorkerij yn Bakkefean minsken mishannele ha en in soad fernield ha. It gie om in groep Friezen dy't earder dy nacht yn in kafee spul krigen hie mei in groepke minsken út Noard-Hollân dy't yn dy kampearbuorkerij sieten.

De Friezen sloegen de slachtoffers yn in sliepseal mei stokken en fernielden meubels en in rút. Doe't de plysje te plak wie, wiene de dieders fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)