Soarch oer feiligens evenemint

02 aug 2011 - 06:44

It CDA yn Hearrenfean makket him soargen oer de feilichheid by eveneminten. Oanlieding is it Reggeafestival snein, dat diels ôflast waard, omdat feiligensfoarskriften net goed neilibbe wurde koene. Der wiene gjin brânblusapparaten en te min wetteroanslutingen en dranghekken.

De gemeente is net ferantwurdlik foar de organisaasje fan eveneminten, mar wol foar de kontrôle op it neilibjen fan de regels. It CDA wol witte oft de gemeente dat snein wol dien hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)