Soad folk iepen jûn KNRM

De iepen jûn fan de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij yn Lauwerseach hat moandei in pear hûndert minsken lutsen. De besikers stiene lang yn de rige om meifarre te kinnen op ien fan de fjouwer rêdingsboaten.
De iepen jûnen wurde hâlden om nije donateurs te finen. De KNRM krijt gjin subsydzje en draait op jeften fan it publyk. Fierder is ek te sjen wat it wurk ynhâldt. No moandei en de wyks dêrop binne der noch twa iepen jûnen.